Oege, de “bejaarde Formule 1-hippie”
Oege Rinzema fan Jirnsum is grut fan fan alles dat mei de Formule 1 te krijen hat. Ast yn syn hûs komst is it net te missen. It stiet fan de foardoar ôf troch it hiele hûs grôtfol mei Formule 1-guod.
De leafde foar de Formule 1 is begûn doe’t Jos Verstappen opkaam yn it racen en it is yn de ôfrûne 30 jier allinnich mar slimmer wurden, foaral sûnt Max Verstappen derby is.
Hy hat fitrines yn de wenkeamer en de sliepkeamer fol mei race-auto’s. Oege hat sels by twa Formule 1-races west, mar hy sit leaver thús foar de TV, want dan sjogge je it neffens him folle moaier.
Oege is in opfallende ferskining, mei in ekstra flechtsje yn syn burd. Fan syn soan hat Oege de titel “bejaarde hippie” meikrigen. Oege is der grutsk op.
Bron: Omrop Fryslân