It Doarpsargyf Jirnsum bestiet sûnt 1996/1997. It is in kommisje fan Plaatselijk Belang. It doel is it sammeljen fan âlde mar ek resinte dokuminten, kranteartikels, foto’s ensf. fan en oer Jirnsum en syn bewenners. Wichtich ûnderdiel is it sammeljen fan de argiven fan de ferienings. It materiaal wurdt beskreaun en bewarre yn doazen mei soerfrij papier.
It doarpsargyf is ûnderbrocht yn it sealtsje op de souder fan it MFC Jirnsum, sjoch foto’s. It argyf is iepenbier en fan 1 okt. – 1 maaie iepen op tongersdeitemoarns fan 9:30 – 12:00 oere. en fierders op oanfraach by ien fan de trije bestjoersleden. Op dy tongersdeis wurkje de bestjoersleden oan it sanearjen en beskriuwen fan de by it doarpsargyf oanlevere ferienings- argiven en oar materiaal. Mei de tiid is it doel alles digitaal te ferwurkjen sa dat it op ynternet yn te sjen is.
It doarpsargyf hat op it stuit de âlde argiven fan de folgjende ferienings yn behear:
- – Plaatselijk Belang Irnsum
- – Bond voor Staatspensionneering
- – ANBO ôfd. Jirnsum
- – Zangvereniging Harmonie
- – Muziekcorps Allegro
- – Kaatsvereniging Irnsum
- – Gym. ver. LOCI
- – Vereniging voor Vreemdelingen Verkeer (kamping oant 1992 )
- – Vereniging Molehiem (kamping fan 1992 ôf)
- – Tafeltennisvereniging MUSNRI
- – Vereniging voor VolksVermaak ( oant 1940 )
- – Uitvaartvereniging “De laatste Eer”
- – Buertferiening “De Wieren”
- – De Stim fan Jim, ynbûn, fan begjin oan’t 2011
It bestjoer bestiet út de folgjende persoanen:
Sake Janse | Foarsitter | till. 0566-602110 | sakejanse@online.nl | |||
Piet Posthumus | Skriuwer | till. 0566-601278 | p_posthumus@hetnet.nl | |||
Eddy Groen | Lid | till. 0566-601623 |