De frijwilligers van V.V. Irnsum altiten yn it spier
Frijwilligers. Gjin fuotbalklup dy’t der sûnder kin. Ald, jong, man, frou, altiten yn it spier of sa út en troch. Soms keallet it swier, mar krekt as men tinkt fan ‘hoe moat dit no?’ set in ploechje de skouders der wer ûnder. Want och, it mei eins ek gjin namme hawwe. Yn dit stik foar dy iene kear wol nammen. Fiif om krekt te wêzen, of nee: seis. It binne de eareleden fan vv Irnsum. Op 11 juny waarden se by de fiering fan it 90-jierrich jubileum yn it sintsje set.
Sjoch se dêr sitten om de bestjoerstafel hinne. Peet IJsselmuiden (89), Koos van Dijken (85), Bauke de Haan (71), Jane Visser (70) en Abe Buwalda (66). Fier yn de twadde helte fan it libben, mar as it oer it Jirnsumer fuotbal giet jeit de adrenaline harren noch altiten troch it liif hinne.
Peet Ijsselmuiden
Nim Peet IJsselmuiden. Hy is noch fan de tiid dat je bliid wêze mochten dat de kroechbaas sneins de doarren iepensette sadat je je in bytsje fatsoenlik ferstrûpe koene. En as de kastlein dan foar elke fuotballer ek noch in bakje kâld wetter klearstean hie om nei ôfrin de slimste smoargens derôf te skraabjen, dan koe de dei al hielendal net mear stikken. Wat dat oanbelanget, sa seit hy, is de hjoeddeiske jeugd mar bedoarn. Mar och, der is him neat fan oerkommen. Hy sil der njoggentich jier mei wurde.
Der gie gjin grut fuotballer ferlern doe’t Peet IJsselmuiden – in ferdigener – syn fuotbalskuon foar ienkear en altiten yn de beammen hong. Hy spile op de kop ôf ien wedstryd yn it earste. ‘Yn St. Anne. Se sille wol te min hân hawwe’, sa seit er mei in grutte glim. Letter sloech er wol foar master op. Lieder by de jeugd, by it earste en njoggen jier yn it bestjoer.
Koos van Dijken
Koos van Dijken – dizze Grinzer waard yn Jirnsum in Fries ûnder de Friezen – naam foar syn grutte sportleafde sawat alles by de hân. Ynearsten fansels wie hy fuotballer, mar doe’t de knibbel opspile stiene de mannen mei de boesgroentsjes en de strikken al rillegau foar him foar de doar. Hy waard lieder by jeugd en senioaren, wedstrydsekretaris en ek bestjoerslid.
Mar de moaiste tiid wie dochs wol syn tiid as konsul. As hiel Jirnsum by ûnhuer waar noch op bêd lei te ronken, stapte Koos van Dijken iere betiid en bliid en fleurich syn bêd út om de fjilden te keuren. As it in bytsje koe, karde hy de fjilden goed. Sjoch, de jeugd wol mar ien ding: fuotbalje. En mei dy gedachte yn de holle kin it al gau. Boppedat besparre it him sels ek moai wat wurk. Want koe it echt net trochgean, dan koene de opstellingen út it kastje weihelle wurde, de lieders ôfbelle wurde en fansels lyksa de tsjinstanners.
Ien kear ûntkaam it him, wie er te hastich mei syn finale oardiel. Dy deis spile it earste thús. Koos van Dijken om acht oere moarns nei it fjild. Ien wite flakte. Fjouwer, fiif sintimeter snie. Koos hie it al gau besjoen. Elkenien ôfsizze. Fiif oeren letter makket hy itselde loopke. En wat tinkst? In biljertlekken wie der neat by. Ja, dat hat Koos van Dijken in moai skoft oanhearre moatten.
Bauke de Haan
Bauke de Haan begûn syn fuotbalkarriêre ûnder de latte. De tsjinstanner wie Gorredijk B1 en de ballen fleagen him links en rjochts om de earen. Dat wie dus ien kear en noait wer. Dan koest him better yn it hert fan de ferdigening hawwe. En as de man njonken him ek noch nei de namme Tamme Leemburg harke, dan kaam der noch gjin mûske trochhinne.
Doe’t de rêch net mear woe wat Bauke wol woe, stoppe er mei fuotbaljen en rjochte hy him op oare saken. Dat is sa te sizzen. Al mear as tritich jier is hy sawat dei en nacht yn it spier foar de klup. Sechtjin jier foarsitter, lieder fan twadde en it earste (ynfaller), foarsitter fan it Stichtingsbestjoer, kantinebehear. Mear is noait genôch.
‘Ik kom hjir graach’, seit er mei in soad gefoel foar understatement. Mar hy is earlik: soms wiene it swiere fuotten dy’t him nei it sportfjild brochten. Sa as dy kear – noch net iens sa lang lyn – doe’t der stimd wurde moast oer sneons- of sneinsfuotbal. Twa kear knipperje mei de eagen en it wie beslikke. Samar ynienen wie vv Irnsum net langer in sneinsklup. Bauke de Haan en mear fan syn maten spuiden raar guod. Mar tagelyk wisten se ek dat it bestjoer gjin oare kant op koe. Dêrom seit hy no: ‘Tiden hawwe tiden. Je ûntkomme der net oan. It is noch altiten wennen, mar komme doch ik’.
Jane Visser
Jane Visser wie ien fan de mannen dêr’t Bauke in soad mei oparbeide hat. Jane wie, tegearre mei syn frou Tineke, as ponghâlder sa’n tweintich jier lang de stille krêft fan it bestjoer. En tink derom: ik wie net allinnich mar jild telle wat Jane die. Reklamebuorden en kontribúsje, ek dêr stie hy foar. Wanbetellers hiene in minnen-ien oan him. Want Jane biet him deryn fêst. As Jan betelle, dan Klaes en Pyt ek.
Syn widze stie yn Reduzum en dan hearre je te kuorbaljen. Jane die it ek in blauwe moandei, mar krige al gau yn de gaten dat hy leaver in bal tsjin de touwen skeat as dat er in bal troch de koer smiet. Net dat it fuotbal trouwens in grut súkses wie. Al nei in pear wedstriden rekke Jane sadanich blesseare dat it dien wie.
De fieringen fan it 50-jierrich en it 75-jierrich jubileum neamt hy as hichtepunten fan de klup. Dat binne de oaren mei him iens. En hoe’t it fierder mei de klup komt? Jane hat der gjin noed oer. Hy sjocht om him hinne dat der wer wat mear en ek wer wat jonger publyk komt. Fansels skeelt it dat it earste it goed docht. ‘De bining wurdt grutter’.
Abe Buwalda
Wat te sizzen fan Abe Buwalda? Yn alle gefallen hie hy as keeper mear súkses as Bauke de Haan. Dat is sa te sizzen: it is dat Hiddo Reijs op ‘e line krekt wat in bettere refleks hie as hy, oars hie it samar sa wêze kinnen dat net Reijs mar Buwalda jierrenlang de goal fan Hearrenfean ferdigene hie. Sterk praat fansels, want syn ‘profkarriêre’ duorre nammers mar ien (jeugd)jier. Doe’t Abe krekt hjirfoar syn libbensrin fertelde, hie hy dat jier by Hearrenfean mei opsetsin oerslein. Grut praat past net by dizze beskieden man.
Doe’t er sels foargoed ûnder de latte wei stapte, wie dat lang noch net de ein fan it ferhaal. Abe Buwalda rjochte him op it trenersfak en soarge der mei foar dat de klup mei Ate Kuipers, Sjouke Bleeker en Johan de Jong altiten keepers fan de boppeste planke hie. En rekkenje der mar op dat Abe de mannen net sparre. Sa fanatyk as Abe is, sa komst se net faak tsjin. ‘Elke gek hat syn gebrek’, sa seit er.
Dat fuotbal net fluch hoecht te gean om moai te wêzen, bewiist Abe mei dy grutte ploech mannen dy’t alle woansdeitemoarns by inoar komme. Walking Football. Doe’t hiel Nederlân noch spytgnize om mannen mei krekt wat te grouwe bûkjes dy’t it ferbean wie om efter in bal oan te draven, doe hie Abe it al lang en breed yn Jirnsum op poaten setten. Tsjintwurdich dogge der al hast 30 man mei! En se hawwe de segen mei, want oft ik no hjerst, winter, maitiid of simmer is, hast altiten skynt op woansdeitemoarns it sintsje oer Jirnsum.
Fiif man. Ea ‘riddere’ troch de fuotbalklup. Moai. Prachtich. Mar wit dat se sûnder dy earetitel net in stap minder foar de klup set hiene. Dat jildt lyksa foar Koos van Dijk (67). Stiet net op de foto en siet net om de bestjoerstafel hinne. Mar noch deselde jûns waard er de hân skodde troch de foarsitter. Earelid! Wa’t Koos in bytsje ken – en wa ken him net – kin mar ien ding sizze: do hast it fertsjinne!
PS: De wedstriidbal fan it earste kompetysjetreffen fan Jirnsum 1 tsjin VCR op sneon 1 oktober is oanbean troch de eareleden.