As it wer Simmer is yn Fryslân, giet Omrop Fryslân op roadtrip nei al it moais wat Fryslân ús te bieden hat. Omrop Fryslân makket mei Simmer yn Fryslân in seis wike lange toer troch de provinsje en geane by ferskate doarpen en stêden del. Se besykje de plakken te besjen troch de eagen fan de ynwenners. Wat bart der yn de simmer? En wat fine de minsken fan har eigen doarp of stêd? 30 plakken komme dizze simmer oan beurt, en dêr is Jirnsum ien fan.
Moandei 8 augustus komt Omrop Fryslân by ús del yn Jirnsum. It is de hiele dei live te folgjen op radio en online by Omrop Fryslân.
Er komme ferskate Jirnsummers oan it wurd dus set jo radio oan!
Mis neat!