Mei MeKoar wer Kryst fiere!

Nei 3 jier ‘skoft’ jout Mei MeKoar op 17 desimber wer in konsert yn ‘e eardere RK Tsjerke fan Jirnsum. Mei MeKoar hopet einlings wer, tegearre mei in protte Jirnsummers en oare belangstellenden, muzikaal de Kryst yn te gean.

Tiid: 19:30 oere
Plak: eardere RK Tsjerke fan Jirnsum
Tagong: 10,00 euro + kofje & tee. Nei ôfrin is elkenien wolkom yn it parochiesealtsje foar in hapke & drankje.
Reservearje: Fia de mail meimekoar@gmail.com ûnder fermelding fan kryst, namme, telefoannûmer, en it oantal kaarten.

It konsert wurdt ûnder oare stipe troch: Stichting Molehiem, Vereniging Doarpskorporaasje Jirnsum en Ondernemersvereniging Jirnsum.

Fragen? Mail nei: meimekoar@gmail.com